Loadewyk XI fan Frankryk
Loadewyk XI (Bourges, Cher 3 july 1423 - Kastiel fan Plessis-les-Tours (La Riche, Indre-et-Loire), 30 augustus 1483) út it Hús fan Valois, wie kening fan Frankryk. Hy regeare fan ôf 1461 oant syn dea. Loadewyk XI kin beskôge wurde as de grûnlizzer fan de Frânske Ienheidssteat.
Skiednis
bewurkje seksjeLoadewyk XI wie de soan fan Karel VII. Hy fierde in hurde polityk fan sintralisaasje en absolutisme en botste dermei mei it stribjen nei mear autonomy fan de machtige eallju yn Frankryk. Sa twong er Filips de Goede fan Boergonje yn 1463 de Somme-stêden te ferkeapjen as útfiering fan it Ferdrach fan Atrecht fan 1435. Letter wist Loadewyk troch omkeaperij de Switsers ta optreden te bringen tsjin de soan fan Filips de Goede, Karel de Stoute wat dizze syn nederlaach en dea yn Nancy ta gefolch hie; neidien ferwurf Loadewyk it hartochdom Boergonje; France Comté, Artois en yn 1481 en Anjou.