Loasdrechtske Plassen
De Loasdrechtske Plassen lizze yn de gemeente Widemarren en de eardere gemeenten Breukelen en Loenen oan de Fecht. It wetter fan dizze plassen by Loasdrecht komt fan de Utertse Heuvelrêch. Eartiids wie it in sompe. Om it gebiet te ûntwetterjen waarden sleatten nei de rivier de Utertse Fecht en de Drecht groeven. It leechfean dat sa ûntstien is, waard yn de 16e iuw ôfstutsen foar turf. Sa ûntstienen sethagen.
Yn de 17e iuw en de 18e iuw waard ek ûnder it grûnwetter baggele en ûntstienen gruttere wetteroerflakken. Troch de ynfloed fan wyn en weagen ferdwûnen de sethagen en is geandewei in plassegebiet ûntstien. Yn de 20e iuw is it hjoeddeiske rekreaasjegebiet mei rekreaasjeplassen ûntwikkele.
Yn it begjin fan de 20e iuw wie it wetter helder, mar no spilet der in baggelprobleem. Oarsaak is ôfslach fan sethagen en algegroei. Meidat it wetter sa ûndjip is kin it slyk maklik opwuolje. Ek nei weromkringen fan it fosfaatgehalte hat de wetterplantegroei him net hersteld. De baggel heapet him op yn de plassen. Dit behindert de trochfeart foar skippen en it opwuoljend slyk taast de swimwetterkwaliteit oan. Ein jierren '90 is it Projekt Loasdrechtse Plassen út ein set foar de oanpak fan de neamde problemen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |