Lockheed Model 10-E Electra

(Trochferwiisd fan Lockheed L-10 Electra)


Rol Passazjiersfleantúch
Makker Lockheed Corporation
Untwerper Hall Hibbard
Earste flecht 23 febrewaris 1934
Yn tsjinst 1935
Farianten Lockheed XC-35
Tal makke 149
Grutste brûkers
Trochûntwikkeling Lockheed Model 12 Electra Junior

Lockheed Model 14 Super Electra

De Lockheed Model 10 Electra is in Amerikaansk ienmotorich, folslein metalen iendekkerfleantúch dat yn de jierren 1930 ûntwikkele waard troch de Lockheed Aircraft Corporation om te konkurrearjen mei de Boeing 247 en Douglas DC-2. It type waard wrâldferneamd omdat Amelia Earhart der mei fleach op har ûnfortúnlike reis om de wrâld hinne yn 1937.

Untwerp en ûntjouwing

bewurkje seksje

De Electra wie Lockheed syn earste folslein metalen en twamotorige ûntwerp fan Lloyd Stearman en Hall Hibbard. It prototype makke syn earste flecht op 23 febrewaris 1934 mei Marshall Headle as piloat. It wyntunnelwurk oan de Electra waard útfierd oan de Universiteit fan Michigan.
De Lockheed Electra wie ien fan de earste kommersjele passazjiersfleantugen mei in ynlûkber lâningsgestel dat standert útrist waard mei spatbuorden, hoewol 't fleantugen mei in fêst lâningsgestel al folle earder spatbuorden hiene.

Operasjonele skiednis

bewurkje seksje

Nei oktober 1934, doe't it Amerikaanske regear ienmotoarige fleantugen ferbea foar it ferfier fan passazjiers of foar nachtflechten, lei Lockheed goed yn 'e merk mei syn nije Model 10 Electra. Neist leveringen oan Amerikaanske loftfeartmaatskippijen, foegen ferskate Europeeske maatskippijen Electra's ta oan harren foaroarlochske float. Yn Latynsk-Amearika wie Cubana de Aviación de earste loftfeartmaatskippij dy 't fan 1935 ôf in Electra brûkte foar binnenlânske rûtes.

Neist de bestellingen fan loftfeartmaatskippijen skaften ek in tal net-kommersjele sivile eksploitanten it nije Model 10 oan. Yn maaie 1937 foleinigen Dick Merrill en J.S. Lambie in reis oer de Atlantyske Oseaan. De prestaasje waard útroppen ta de earste kommersjele rûnreis oer dy oseaan troch in fleantúch. Se wûnen dêr de Harmon Trofee mei. Op de hinnereis hiene se journaals by har fan de crash fan de Hindenburg en op de weromreis út it Feriene Keninkryk wei brochten se foto's mei fan de kroaning fan Kening George VI. Bata Shoes brûkte de Model 10 om syn direksjeleden tusken harren Europeeske fabriken te ferfieren.

In soad Electra's en dêrfan ôflate ferzjes (de Model 12 Electra Junior en Model 14 Super Electra) waarden ynset yn militêre tsjinst yn de Twadde Wrâldoarloch, bygelyks de C-36 fan de USAAF. Tsjin de ein fan de kriich wie it Electra-ûntwerp ferâldere, hoewol't in protte lytsere loftfeartmaatskippijen en sjartertsjinsten noch oant yn de jierren 1970 mei Electra's fleagen.

Electra's wiene populêr as priveefleantugen foar royalty's yn Azië en Europa. Yn Yndia kochten de Maharaja fan Jammu en Kasjmir en de Maharaja fan Jodhpur se allebeide foar persoanlik gebrûk yn 1937.

Technyske feiten

bewurkje seksje
 
De Electra fan trije kanten besjoen

Lockheed Modell 10/12 Electra:

Gegevens
Bemanning 2
Passazjiers 12
Lingte 11,75 m
Spanwiidte 16,75 m
Hichte 3,05 m
Maks. startgewicht 4670 kg
Oandriuwing twa luchtkuolle 9-sylinder-stjermotors Pratt & Whitney Wasp Junior SB2 fan 400 hk (294 kW)
Krúsfaasje 300 km/o
Fleanberik 1300 km
Tsjinstplafond 6100 m

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: