Haadmenu iepenje

Lolle van Houten (Ljouwert, 5 septimber 1944 - dêre, 30 jannewaris 2008) wie bokser, sportskoallehâlder en strjitmakker.

Groeide op yn de Ljouwerter Houstrjitte. Bokste yn it swiergewicht en wie barkeeper/útsmiter. Waard op syn sechtjinde jier lid fan sportskoalle Frisia en learling fan Albert Groen. Koe profesjoneel bokser wurde, mar keas foar syn fertroude Ljouwert. Yn 1965 en 1970 kampioen swiergewicht fan Nederlân, 12 kear fan it Noarden en wûn de twadde priis yn it Achtjinlannentoernoai 1970. Ferlear doe yn de finale fan de kampioen fan Europa, de Roemeen Alexey.

Die foar Nederlân mei oan 10 ynterlânwedstriden en bokste mei elkoar 62 wedstriden.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: