Lou Costello
Lou Costello, berne Louis Francis Cristillo (Paterson, New Jersey, 6 maart 1906 - Los Angeles, Kalifornje, 3 maart 1959), wie in Amerikaansk akteur en komediant, it meast bekend as de koartswillige helte fan it komeedzjeteam Abbott en Costello, mei Budd Abbott.
Stjerren
bewurkje seksjeIt duo makke 36 films tusken 1940 en 1956 en hearden yn de Twadde Wrâldkriich by de meast populêre en bêst betelle artysten yn de wrâld. Harren populêrste films wiene Buck Privates, Hold That Ghost, Who Done It? (1942), Pardon My Sarong, The Time of Their Lives, Buck Privates Come Home, Abbott and Costello Meet Frankenstein and Abbott and Costello Meet the Invisible Man.
Yn de jierren 40 ferskynde it duo ek op de radio. Op 8 oktober 1942 setten hja út ein mei harren wyklikse show op NBC sponsere troch Camel cigarettes. Fan 1947-49 giene hja oer nei de ABC.
Yn 1951 hearden hja by de wikseljende gastlju fan The Colgate Comedy Hour, (Eddie Cantor en Bob Hope wiene by de oare gasthearen) en it jier dêrop krigen sy in eigen komeedzjeshow, The Abbott and Costello Show.