Louis Cohen
Levie (Louis) Cohen (Harns, 24 maaie 1864 – Amsterdam, 5 augustus 1933) wie in Nederlânske sosjalist. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij (SDAP).
Libben en wurk
bewurkje seksjeCohen waard yn Harns berne as soan fan keapman Salomon Levie Cohen en Betje van Amerongen. Al mei jonge jierren kaam er yn kontakt mei it sosjalisme fan Domela Nieuwenhuis. Cohen troude yn 1887 mei de tsjinstfaam Betje Os. Sy krigen trije bern. Nei syn trouwen fêstige er him as keapman yn Swol en joech dêr it sosjalistyske blêd de Volksvriend út. Hy rekke belutsen by de groep dy't him losmakke fan it Sosjaal-Demokratysk Bûn (SDB) fan Domela. Yn 1894 wie er ien fan de saneamde tolve apostelen, dy't beskôge wurde as de oprjochters fan de SDAP. Hy krige skeel mei Tjerk Luitjes dy't fanút de SDB yn Swol ek in blêd útbrocht mei de titel Volksvriend. It blêd dat cohen útjoech waard opnaam yn De Wachter.
Yn 1896 sette Cohen him yn Amsterdam nei wenjen dêr't er krewearre foar de belangen fan hannelsreizgers. Hy fersette him tsjin oansluting by it Nederlânsk Bûn fan Fakferieningen (NVV). Fan 1927 oant 1929 wenne er foar syn wurk yn Brussel. Hy rekke siik en kaam yn 1929 beroaid werom yn Amsterdam.
Cohen stoar augustus 1933 yn de âldens fan 69 jier yn "het gebouw der Joodsche Invalide" yn syn wenplak Amsterdam[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|