Louis Pasteur
Louis Pasteur (Dôle, 27 desimber 1822 – Saint-Cloud, 28 septimber 1895) wie in Frânsk skiekundige en biolooch, benammen om de nei him ferneamde pasteurisaasjetechnyk en troch syn ûntdekking fan it faksin tsjin hûnsdûmens.
Biografy
bewurkje seksjePasteur waard berne yn Dôle, Frankryk. Hy studearre skiekunde en biology. Syn wittenskiplike karriêre begûn yn 1848 mei ûndersyk oan wynstiensoerkristallen. Hy ûntdekte dat der twa foarmen fan wynstiensoer besteane wêrfan de kristallen elkoars spegelbyld binne. Ek ûntdekte hy dat de iene foarm wol, mar de oare foarm net troch baktearjen brûkt wurde koe as fretten. Dêrmei is hy ien fan de earsten dy't makroskopyske effekten fan de romtlike bou fan molekulen beskreau en de heit fan de stereogemy.
Yn 1854 waard hy as heechlearaar yn de skiekunde oan de Université Lille Nord de France (Rijsel) beneamd, oant hy yn 1857 direkteur foar natuerwittenskiplik ûndersyk waard oan de École normale supérieure yn Parys.
Hy ûntwikkele de teory dat de oarsaak fan in soad sykten in minuskúl libben wêzen wie, in 'mikro-organisme'. Syn "syktekym-teory" of "mikrobe-teory" is ien fan de wichtichste ûntdekkings yn de medyske skiednis. Hy yntrodusearre nije konsepten as sterilisaasje fan ark en wûneferbannen.
Pasteur wie de útfiner fan it pasteurisearjen, it proses wêryn skealike mikroben yn iten dat bedjerre kin ferneatige wurde troch it iten koart hjit te meitsjen, sûnder it produkt te beskeadigjen.
Pasteur ûntdekte dat der ferskate soarten gistsellen foarkomme en dat net alle gisten like geskikt binne foar in goede gisting en dêrtroch in optimale smaak fan wyn en bier.
Hy toande op oertsjûgjende wize oan dat bedoarn iten gjin mikro-organismen fuortbringt; krekt oarsom, rotsjen en gisting wurde feroarsake troch mikro-organismen dy't yn de loft sitte. Yn 1874 krige hy de Copley Medal en yn 1881 waard hy keazen ta lid fan de Académie française.
Hûnsdûmens
bewurkje seksjePasteur ûntwikkele in firus-faksin tsjin hûnsdûmens. Hy slagge deryn in hûn ymmún te meitsjen en hy behannelde hynders. Op 6 july 1885 brocht men Pasteur de njoggenjierrige Joseph Meister út de Elzas, dy't troch in dûme hûn biten wie. Pasteur begûn mei de troch him ûntwikkele ynintings, eat dat foar him persoanlik riskant wie, omdat hy gjin erkend genêshear wie. Nei wikenlange behanneling fan de jonge pasjint, dy't heechread oanrûn wie troch de koarts, genies de jonge en koe Pasteur mei rjocht sizze de hûnsdûmens oerwûn te hawwen.
Louis Pasteur ferstoar yn 1895. Pasteur stie bekend as from kristen en bidde alle dagen yntinsyf, wêrûnder de roazekrânse. Hy waard begroeven yn de katedraal fan Notre Dame fan Parys, mar syn lichem waard al rillegau oerbrocht nei in krypt van de katolike kapel yn it Pasteur Ynstitút yn Parys.
De earder neamde Meister wie portier by it ynstitút. Doe't de Dútske besetters yn 1940 him fregen de tombe fan Pasteur iepen te meitsjen, pleegde Meister selsmoard ynstee fan syn rêder de eare te ûntnimmen.
Pasteur en Generatio Spontanea
bewurkje seksjePasteur rekke by de diskusje oer de "Generatio Spontanea" belutsen. Generatio spontanea wol sizze dat spontaan organismen ûntsteane út libbenleaze organismen of út deade matearje.
Yn 1668 toande Francesco Redi oan, dat allinnich libbene miggen ferantwurdlik wienen foar de miggen út kadavers. Hy folde in pear grutte potten mei fleis en dekte in pear dêrfan ôf. Allinnich yn de net-ôfdekte potten 'ûntstiene' maitsen. Dochs leaude men oant de ûntdekking fan Louis Pasteur (1822-1895) yn 1860 noch, dat baktearjen fansels ûntstiene. It ûndersyk fan Louis Pasteur toande oan, dat "net-libben" gjin libben generearje kin, mar allinnich libbene wêzens libben meitsje kinne. Hy die in eksperimint wêrby't hy eat ferwaarme en nei hjit meitsjen wie der gjin sprake mear fan de Generatio spontanea, ommers troch hjitmeitsjen wurde alle baktearjen deamakke.
Hjirûnder in stikje út it deiboek fan Pasteur: ‘[…] ik stean op it punt geheimen te trochgrûnjen en de wale dy't se bedekt wurdt geandewei tinner. De nachten binne my te lang, mar ik klei net. It tarieden fan myn kolleezjes kostet my gjin muoite en ik kin my faak fiif dagen yn de wike hielendal oan it laboratoariumwerk wije. Madame Pasteur skrobbearret my faak, mar ik stel har gerêst troch te sizzen dat it har nei rom liede sil’ (Louis Pasteur, 1851)
Pasteur hie lykwols in rivaal, Pouchet dy't oantoand miende te hawwen dat primitive libjende organismen spontaan ûntsteane yn net-libbene organisme mingsels. Pasteur dage Pouchet út om in iepenbiere demonstraasje te jaan, yn it bywêzen fan de parse en fan de kommisje fan de Frânske Akademy. Pasteur woe sjen litte dat mikroben (baktearjen) pas begûnen te groeien yn ûntsmette oplossingen, neidat dizze oan de bûtenloft bleatsteld binne. Pouchet sels lykwols wurke net mei bûljon, mar mei in ôflûksel fan hea. It is de fraach oft sterilisearre hea-oplossing itselde resultaat oplevert as pasteurisearre bûljon.
Literatuer
bewurkje seksje- H. Harris - Things come to life, Spontaneous generation revisited, (Oxford university press: 2002), Ch. 10
- H. Kamminga - De waagstukken van Pasteur. yn: B. Theunissen, C. Hakfoort e.a., Newtons God en Mendels bastaarden. Nieuwe visies op ‘helden van de wetenschap’, (Meulenhoff: 1997), side 123- 152
- H.C. de Wit - Diel 2b Ontwikkelingsgeschiedenis van de biologie, side 1238/1239
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Louis Pasteur fan Wikimedia Commons. |