Loya Jirga
Loya jirga, is, letterlik, in "grutte gearkomst". Dit soarte fan moetings barre yn Afganistan, Oezbekistan, Turkmenistan en Mongoalje. Yn Afganistan, foarearst wie it grutste part fan alle oanwêzigen Pastûn, mar letter ek yn de mande mei oare etnyske groepen.
Yn de Afgaanske kultuer wurdt Loya Jirga noch altyd oproppen. En wurdt der echt nei lústere. Yn oare lannen wurdt it brûken minder dien, en wurdt oernaam troch it parlemint. Yn Afganistan wurdt in Loya Jirga gearroppen om problemen of skelen mei oare stammen op te lossen.
Eartiids doe 't de Afganen de baas waarden yn Afganistan brûkten se de Loya Jirga om in posysje krêft by te setten. Oare stammen dy’t se fersleinen moasten ek meidwaan lykas de Tajiks en de Hazaras, mar echt stimrjocht hienen dizze minsken net. Oan de jirga’s dienen meastal minsken fan it keninklik hûs mei, religieuze lieders, en stamâldsten.
De Loya Jirga hat net in tiid wannear't hy ôfrûn is. De moeting is pas klear as de besluten nomd binne. Der komme ferskillende dingen oan de oarder lykas bûtenlânske polityk, al dan net op oarlochspaad, in yntroduksje fan nije lieders en nije ideeën en/of wetten.
In jieroersjoch fan de Loya Jirga yn Afganistan
bewurkje seksje- 1747 -- dichtby Kandahar, de Pashtûn wienen derby en sochten in nije lieder út mei de namme Ahmad Shah Durrani.
- 1793 -- Timur Shah Durrani woe in Loya Jirga, de soan fan Ahmad Shah Abdali, want hy woe de haadstêd fan Kandahar nei Kabul ferpleatse.
- 1880 – de Loya Jirga waard oproppen troch Abdur Rahman Khan
- 1928, septimber --yn Paghman, de Loya Jirga waard oproppen troch King Amanullah.
- 1930, septimber – De Loya Jirga waard oproppen troch Mohammed Nadir Shah, hy woe syn oanspraken op de troan befêstige hawwe.
- 1941 – De Loya Jirga waard oproppen troch Mohammed Zahir Shah, hy woe goedkarring hawwe foar it feit dat Afganistan neutraal bliuwe soe yn de Twadde Wrâldkriich.
- 1947 – hâlden troch de Pastûns, se moasten kieze om by Yndia te hearren of by Pakistan.
- 1949 – Oproppen omdat er skeel wie mei Pakistan omdat sy de grins tusken de twa lannen net erkenden.
- 1964, septimber – Oproppen troch Mohammed Zahir Shah om in nije grûnwet befêstige te krijen.
- 1974, july — in moeting oer de rûzje mei Pakistan oer de grins.
- 1977, jannewaris – Oproppen troch Mohammed Daoud Khan om de nije grûnwet befêstige te krijen.
- 1985, april – in moeting om de nije grûnwet befêstige te krijen.
- 2001, septimber – dêr wienen mear as fjouwer ferskillende Loya Jirga’s om te praten oer it ein fan de Taliban mar der wie hast gjin kommunikaasje tusken de fjouwer.
- 2002 – oproppen troch de Hamid Karzai. Se hawwe praten oer de takomst fan it lân.
- 2003, desimber – oproppen om de nije grûnwet te befêstigjen.