Lucius Columba Murray Bakker
(Trochferwiisd fan Lucius Columba Marray Bakker)
Lucius Columba Murray Bakker (Penjum, 7 jannewaris 1822 - Huzum, 9 oktober 1911) wie in medikus.
Nei syn promoasje yn 1850 waard er dokter yn Huzum. Hy wie ek meiwurker oan it Frysk Wurdboek en skreau foar tydskriften. Lieten fan him waarden op muzyk set. Fierders hat er brokstikken fan Goethe's Faust yn it Frysk oerset ('Preaukes uet Goethes Faust').
Rients Faber promovearre oan de Frije Universiteit fan Amsterdam op 27-11-2003 mei in boek oer L.C. Murray Bakker.
Priuwke fan syn wurk
bewurkje seksje- Winternocht
- Oer hoes, oer kloes, oer finne
- Leit lelieblank en wyt
- Wer winters snietapyt,
- Wearoer Gods goudne sinne
- Mei bliere strielen gliidt:
- Mei speeglig iis befloëre
- Is marke, poel in wiel;
- Oan toeken, toer in scoëre
- Blinkt eptig iisjuwiel.
- Wear oars de weagen geane,
- Swiet wiggelje op in del,
- By riten rou in fel
- Nei 't swirk opstouwe en fleane,
- Dear rinkelt slide en bel.
- Dear riidt nou kreaze Sytske,
- In faem asz molke en bloed,
- Op 't holtje in tillig kypske,
- Sa swierig mei har Sjoerd.
- Wha thinkt om tersk, om tjerne?
- It iis dat is sa moai,
- Wha sit nou klomsk en loai
- To stinnen yn hirdsherne?
- Eltsien gjiet oan 'e goai.
- 't Is nocht yn greidhoek, walden,
- Yn boukant, wetterlân,
- Ninien is thues to halden,
- De sceaf boärst uet 'e bân.
- Nou gjiet it op in krygen,
- Nin ankels bin' nou slop,
- Dat hinget reedens op,
- Dat riidt nei fiere mygen,
- Dat dounzet: hop, hop, hop!
- Jouns let yet twiskenbeide
- Bij Bokke en Poy-moei oan,
- Smoek mei de fammen meide:
- What is sa'n libben scoan.
- Ja jongfolts smeits nou wille,
- Salang 't jim barre mei,
- Nim mei sa 'n winterdei:
- De nocht is red forsille,
- En 't iis theit ringen wei.
- Jongfamkes mei reawankjes,
- Jongfeintjes mei krol hier,
- Lisz op en sjong jim sankjes,
- Lisz oan en gean to bier!
- Aldgroun! wesz jamk beferzen,
- Swaei roege Joekelbird
- Al d' ieuwen roun jou swird,
- Tjoen blommen op ues gleszen,
- Tjoen blommen oan ues hird;
- Hjear fryske boykes praten
- Oer froulju, waer en wyn
- En taepje frjeun en maten,
- Jou "boerekoffie" yn!
Literatuer
bewurkje seksje- Faber, R.A., Lucius Columba Murray Bakker, master fan it Fryske wurd (diel I), Samle wurk fan L.C. Murray Bakker, fersen en ferhalen (diel II), Boarnemateriaal Murray Bakker, brieven, fersen, farianten, ferhalen en oare stikken (diel III). Fryske Akademy Ljouwert 2003. Akademy-nûmer 956. ISBN 90-6171-956-9. Diel I: 508 siden, diel II: 137 siden en diel III: 278 siden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bakker, Lucius Columba Murray. |