Ludo van Eck (of Vaneck), berne as Ludo Johannes Maria van Eeckhout (1922–1991) wie in Belgyske skriuwer en earder finzene yn konsintraasjekamp Dachau.

Biografy bewurkje seksje

Van Eck waard yn maart 1944 troch de Dútsers thús, yn Mol, arrestearre fanwegen syn meidwaan oan it wapene ferset en syn help oan delsketten Britske, Kanadeeske en Amerikaanske piloaten. Hy kaam mei in pear freonen yn Dachau telâne en syn ferloofde Mijette Dumalin yn Ravensbrück. Nei hiel wat fernederingen, folteringen, honger en sykte, wie er mear as ienris folslein útput en seach er de dea yn 'e eagen. Tanksij help fan freonen, in soad lok en syn striid om te oerlibjen rekke er der hieltyd wer boppe-op.

Nei de oarloch krige er de heechste Amerikaanske ûnderskieding, de Medal of Freedom, mei in tsjûchskrift fan generaal Eisenhower. Hy krige ek in ûnderskieding fan de Britske Airchief Marshall Tedder. Syn wilskrêft en driuw om te fertellen hokker freeslike misdieden dy't it nazirezjym begiene, hawwe him derta oanset om nei de oarloch oer de konsintraasjekampen te skriuwen en te publisearjen.
Nei de oarloch besocht er alle konsintraasjekampen opnij en skreau dêroer syn libbenswurk Het boek der kampen (earste útjefte 1969), dat 11 kear werprinte waard en ek yn it Frânsk ferskynde. It wurk wurdt algemien beskôge as in standertwurk oer de konsintraasjekampen. Soan Sis van Eeckhout, dy 't tegearre mei syn heit alle kampen yn Europa besocht hat, werwurke it boek, dat mei hiel wat nije (kleur) foto's yn 2015 fannijs útjûn waard. Ludo Van Eck skreau oer hiel wat fan dy kampen ek in apart boek yn 'e foarm fan roman. Hy hat yn totaal fjirtjin konsintraasjekampromans beskreaun, dêr't inkelde fan yn it Russysk en it Bulgaarsk oerset waarden.

Under ferskate pseudonimen skreau Van Eck yn de jierren 60 ek populêre porno. Syn Jo Durand-rige om in playboy hinne modellearre op James Bond, ferkocht oan de ein fan it desennium alle wiken in heal miljoen eksimplaren yn Flaanderen en Nederlân. Noch pikanter is faaks dat er ek klandestine naziporno skreau ûnder nammen as Inge Liebkraft. [1]

Boeken (in kar) bewurkje seksje

  • Karl Schröder: oorlogsmisdadiger (1962)
  • Vrouwenbarak (1962)
  • De getekenden (1964), in rau en realistysk ferhaal oer de ûntsnapping fan fjouwer Poalen út Auschwitz
  • Vrouwen van Ravensbrück (1968)
  • Zo was het in Auschwitz (1970)
  • Zo was het in Dachau (1970)
  • De zwarte weg (1973)
  • Het boek der kampen (1979)
  • Zo was het in Mauthausen (1985)
  • Met hun eigen ogen (1990): gesprekken met Sowjet-burgers die als kind de oorlog beleefden in Wit-Rusland, Leningrad, Stalingrad
  • Het einde van Dachau (?)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wat schuift u daar onder de toonbank?, De Standaard, 3 jannewaris 2020