Sulla
(Trochferwiisd fan Lusius Kornelius Sulla Feliks)
Sulla folút Lusius Kornelius Sulla Feliks (sa. 138 f.Kr. - 78 f.Kr.), wie in Romeinske generaal en steatsman. Hy ferdriuw (as haad fan de aristokratyske partij) mei syn leger Marius út Rome wei. Neitiid befocht er Mitridates yn Grikelân yn Lyts Aazje en oerwûn him yn 86 f.Kr. Yntusken hie ek konsul Sinna (87) in mars nei Rome makke. Mei help fan Pompejus, dy't him by Sulla oansletten hie waarden de tsjinstanners ferslein (82). Yn 82 waard Sulla foar it libben diktator, mar yn 79 luts er him tebek.