Marten Luther

(Trochferwiisd fan Luther)

Marten Luther (Eisleben, 10 novimber 1483 - Eisleben, 18 febrewaris 1546) wie in tige wichtige Dútsk protestantske teolooch en reformer. Hy wurdt tegearre mei Huldrych Zwingli en Jehannes Kalvyn rekkene ta de liedende persoanlikheden fan de Reformaasje. Mei syn optreden op 31 oktober 1517 soed er it startsein jaan oan dizze beweging.

Marten Luther skildere troch Lukas Kranach de Alde yn 1529

Luther waard berne út in famylje fan mynwurkers dy't harren opwurke hienen. Hy brocht syn jeugd gruttendiels troch yn Mansfeld en krige les op Latynske skoallen. Op 17-jierrige leeftiid gong er nei de universiteit fan Erfurt om jurist te wurden, mar al gau soed er nei it Augustinekleaster gean om muonts te wurden (1505).

Hy waard ta pryster wijd en yn 1508 ta heechlearaar yn de moraalteology oan de universiteit fan Wittenberg. Op 31 oktober 1517 makke er yn Wittenberg syn 95 stellings tsjin de hannel yn ôflaten troch de Roomsk-Katolike Tsjerke bekend. Dat wie it begjin fan de Reformaasje, dy't late ta de ûntwikkeling fan it Protestantisme. It populêre byld is dat er syn stellings tsjin de doar fan de tsjerke spikere, mar feitlik is hjir gjin ûnbestriden bewiis foar.

Luther waard troch syn lear yn 1521 yn de ban dien troch de Roomske tsjerke.

Luther syn wetten

bewurkje seksje
 
Tomus secundus omnium operum, 1562

Luther formulearre in stikmannich wetten foar de tsjerke:

  • de Bibel is de ienige boarne fan it leauwe;
  • eltse leauwige hat it rjocht de bibel op syn wize út te lizzen;
  • de minske kin allinne yn de himel komme troch leauwe;
  • de hannel yn ôflaten fan de Tsjerke moat ôfskaft wurde;
  • de foarst is yn eltse steat haad fan de Tsjerke;
  • ûnderdienigen moatte altyd hearrich oan de foarst wêze, ek at de foarst him misdraacht;
  • it pausskip moat ôfskaft wurde;
  • troch de doop binne wy allegear pryster.

Keppelings om utens

bewurkje seksje