In lykdoar is in opfallende monumintale mar ek ienfâldige doar yn âlde pleatsen, benammen yn de Bouhoeke.

Neffens oerlevering waarden se eartiids by begraffenissen brûkt, mar ek wol by houliken as (breidsdoar). De lykdoar is frij nij, mar hâldt nei alle gedachten ferbân mei de gewoante om deaden troch in gat yn de muorre út te dragen. Der wie eangst foar de weromkommende deade, oer it generaal foar minsken dy't taboe wienen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Lijkdeur.