Lykstivens

(Trochferwiisd fan Lykstiifheid)

Lykstivens [1] of rigor mortis (Latyn: rigor "stivens" en mortis "fan de dea"), is it stiif wurden fan it lichem nei it ferstjerren.
It is ien fan de sichtbere tekens fan de dea, skaaimerke troch ferstiiving fan de lidden fan it lyk, feroarsake troch gemyske feroaringen yn de spieren nei de dea (benammen kalsium). [2] By de minske kin rigor mortis al fjouwer oeren nei de dea optrede. Oars as de folkloare wol en faak tocht wurdt, is lykstivens net permanint en begjint it in pear oeren nei it begjin oer te gean. Gewoanwei duorret it net langer as acht oeren by "keamertemperatuer". By hege temperatueren giet it flugger as by kjeld.

Liken fan slachtoffers fan de sykloan yn Bangladesj yn 1991 mei rigor mortis

De lykstivens begjint by de eachlidden, tsjeak en nekke en wreidet him yn sa'n seis oeren stadichoan fierder út oer alle lichemsdielen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schuurmans Stekhoven, W. (1932). Nolst Trénité’s nieuw verpleegsters zakwoordenboekje (9de druk). Amsterdam: J.M. Meulenhoff.
  2. Saladin, K.S., Anatomy & Physiology: 6th edition. McGraw-Hill. (2010)