Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy

(Trochferwiisd fan Lytse Nobelpriis)

De Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy (Sweedsk: Svenska Akademiens Nordiska Pris) is in tige prestizjeuze Sweedske literatuerpriis dy't op jierlikse basis takend wurdt troch de Sweedske Akademy, it wichtichste ynstitút oangeande de Sweedske taal. Dizze priis waard yn 1986 ynsteld en wurdt útrikt oan in persoan út ien fan 'e Skandinavyske lannen dy't him/har bûtengewoan fertsjinstlik makke hat op in mêd dat ûnder it wurkterrein fan 'e Akademy falt. De Skandinavyske Priis wurdt wol de "Lytse Nobelpriis" neamd, om't de Sweedske Akademy ek de Nobelpriis foar de Literatuer útrikt. Oan dizze priis is in jildbedrach fan 350.000 Sweedske kroanen ferbûn.

Svenska Akademiens Nordiska Pris
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Sweedsk
útrikt foar literatuer
útrikt troch Sweedske Akademy
frekwinsje 1x jiers
plak Stokholm (Sweden)
ynsteld 1986
offisjele webside
www.svenskaakademien.se/...

Oant en mei 2015 wie de Skandinavyske Priis fan de Sweedske Akademy 30 kear útrikt, wêrfan 9 kear oan in Sweed; 7 kear oan in Deen; 5 kear elk oan in Noar en in Fin; 3 kear oan in Iislanner en 1 kear oan in Fêreuster.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.