Lytse Pelsterstrjitte 5/5a (Grins)

It pân Lytse Pelsterstrjitte 5/5A yn de stêd Grins is in studintesosiëteit dy't oanwiisd is as gemeentlik monumint.

Kleine Pelsterstraat 5/5a yn 2011

Lytse Pelsterstrjitte 5/5A is in ienlaachsk hûs mei in hege steile kape mei wolfseinen oan foar- en efterkant. It gebou komt oarspronklik út de 15e iuw. De houten kapekonstruksje út dy tiid is bewarre bleaun. De eftergevel hat grutte reekkanalen út ferskillende perioaden, dy't mooglik hearden by in wurkplak of smidterij. Yn de 19e iuw siet in jittikfabryk yn it pân. Sûnt de jierren sechtich fan de tweintichste iuw krige it gebou in horekabestimming, wylst de boppeferdjipping noch bewenne waard. Sûnt 1994 is it hiele pân yn gebrûk as sosiëteit fan de studinteferiening Cleopatra A.S.G..

It pân is oanwiisd as gemeentlik monumint, ûnder mear fanwege syn stêdeboukundige en bouhistoaryske wearden en fanwege de seldsumheid fan it bloktoskfries fan kleastermoppen ûnder de dakfoet fan de westlike sydgevel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

CWK Gemeente Groningen - Object nûmer 103900 (Kleine Pelsterstraat 5, Grins)