Mårbacka is in bûtenpleats yn de gemeente Sunne yn Värmland, Sweden. De skriuwster Selma Lagerlöf wie hikke en tein op Mårbacka.

It haadgebou fan Mårbacka

It haadgebou waard set yn 1793 en fannijs boud yn de jierren 1921-1923 neffens it ûntwerp fan arsjitekt Isak Gustaf Clason.

De bûtenpleats waard yn 1801 erfd troch de famylje Lagerlöf en doe't Selma Lagerlöf har heit Gustaf Lagerlöf yn 1885 stoar naam syn soan Johan it oer. It hûs en de pleats giene lykwols fallyt. Johan emigrearre nei Amearika en de bûtenpleats moast ferkocht wurde. De family ferlear it lânguod yn 1889.[1] Selma Lagerlöf koe it haadgebou yn 1907 weromkeapje; de hiele pleats kocht hja yn 1910 werom fan it jild dat de Nobelpriis foar de Literatuer har opsmiet. Sy liet it hûs hielendal fannijs opmeitsje en útwreidzje.

Mårbacka is sûnt har ferstjerren yn 1940 in museum ta oantins fan Selma Lagerlöf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Selma Lagerlöf-sällskapet
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mårbacka fan Wikimedia Commons.