De Mûne fan Højer (Deensk: Højer Mølle) is in histoaryske wynmûne yn it Deenske plak Højer yn Súd-Jutlân. De nôtmûne is in ûnderdiel fan it Museum Sønderjylland.

Mûne fan Højer
mûne / mole
lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
adres Møllegade 13, 6280 Højer
koördinaten 54° 57' N 8° 41' E
bysûnderheden
type mûne Stellingmûne
funksje Nôtmûne
flecht 23 meter
boujier 1857
Webside
Mølle-og Marskmuseum
Kaart
Mûne fan Højer (Súd-Denemark)
Mûne fan Højer

De achthoekige mûne mei in hichte fan 22 meter en in draaibere kape waard yn 1857 as stellingmûne boud. De mûne is mei sân ferdjippings de heechste mûne yn syn soarte fan Skandinaavje.

Oant 1972 hie de mûndersfamylje fan 'e stifter Emil Roll de nôtmûne yn bedriuw. Yn 'e jierren 1976-1977 waard de mûne restaurearre en it Mølle-og Marskmuseum ynrjochte. Foar de restauraasje hie de mûne selsswichting en foar de feiligens waard de flecht fan de mûne by de restauraasje mei twa meter ynkoarte om de besikers fan 'e mûne net yn gefaar te bringen. Oarspronklik hie de mûne in flecht fan 25 meter.

De museummûne stiet ûnder monumintesoarch en is mealree.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Højer Mølle fan Wikimedia Commons.