Bep Glasius

(Trochferwiisd fan MS Bep Glasius)

Motorskip Bep Glasius is in fearboat dy’t de feartsjinst Starum-Inkhuzen ûnderhâldt. Yn de begjinjierren wie der in twadde skip dat de ferbining ûnderhold: de Dr. yr. F.Q. den Hollander.

Bep Glasius
  • 1966 Bep Glasius - Koppe Rederij yn Zaandam
  • 1972 Bep Glasius - Naco Rederij BV yn Amsterdam
  • 2002 Bep Glasius - V & O Rederij BV yn Inkhuzen

Bep Glasius hat yn 2009 nije motors krigen. De Scania’s binne ferfongen troch twa Volvo's fan 230 pk it stik. Dit binne saneamde CCR-II motors mei in lege CO2 útstjit. Boppedat binne de generator diesels ferfongen troch CCR-II motors. Winter 2007 is it efterskip 180 sm. langer makke om de wjerstân yn it wetter te ferminderjen,wat in leger brânstofferbrûk oplevere. De Bep Glasius hat wyls ek in smoarchwettertank, sadat der gjin ôffalwetter mear lost hoecht te wurden.

De oertocht duorre sirka 80 minuten. Op de fearboat kinne (brom)fytsen meinomd wurde.

Keppeling om utens

bewurkje seksje