Michaël Maarschalkerweerd

(Trochferwiisd fan Maarschalkerweerd & Zoon)

Michaël Maarschalkerweerd (Utert, 24 desimber 1838 - dêre, 27 febrewaris 1915) wie in Nederlânsk oargelbouwer. Fan ûngefear 1860 ôf wurke er by syn heit yn it bedriuw dat yn 1865 de namme Maarschalkerweerd & Zoon krige. It bedriuw hat oant 1940 bestien.

Hy wie in soan fan Pieter Maarschalkerweerd, dy't ek oargelmakker wie, en Everarda Woudenberg. Hy studearre wetterboukunde en wie in skoft yn tsjinst by Rykswettersteat mar yn 1860 gie er by syn heit yn it oargelfabryk oan 't wurk. Yn 1875 boaske er oan Elisabeth van Groeningen. It pear krige yn 1879 in twilling, dy't rillegau stoar. Yn 1883 waard in dochter berne, Maria Cornelia Everarda Maarschalkerweerd.

Michaël boude oargels dy't yn de tradysje fan de neogotyk passe en syn oargels binne dêrom mear geskikt foar it spyljen fan 19e-iuwske romantyske wurken as foar de útfiering fan âldere barokmuzyk. Hy hie goed tweintich minsken yn 't wurk. Hy wie ien fan de earste oargelmakkers dy't him ek 'oargelfabrikant' neamde, wat wiist op in stadichoan tanimmende mechanisaasje en it gebrûk meitsejen fan taleveransiers.

Hy wie lid fan it St. Bernulphusgilde, dat laat waard troch kapelaan Gerard van Heukelum en dat de Nederrynske goatyk nei libben ynblaze woe. Hy tekene, al as net mei syn heit, foar 175 oargels, de reparaasje-opdrachten net meirekkene.

Nei sy dea waard it bedriuw fuortset troch Cornelis Hermanus Van Brussel, J.J. Elbertse en L. Collard, dy't oant doe ta masterfeinten west wiene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje