Machtsport
In machtsport is in sport dêr't op ien stuit in prestaasje levere wurde moat. It doel fan sa'n sport is dan it fierste, heechste of swierste.
Machtsporten hawwe twa karakteristieken:
- De prestaasje wurdt levere yn ien trochgeand beweech. It is ornaris net mûglik en ûnderbrek healweis it besiik om dan wer fierder te gean.
- In dielnimmer hat mear as ien besiik om de bêste prestaasje del te setten.
LjepsportenBewurkje
By de ljepsporten is de prestaasje it heech as fier ljeppen as springen. Fierhinne moat by dizze sporten in oanrin fan de sporter yn in sa grut mûglike sprong as ljep omset wurde.
WerpsportenBewurkje
By de werpsporten is de prestaasje eat sa fier mûglik fuort te smiten. De sporter moat troch rinnen of draai faasje meitsje mei it lichem, mar like wichtich is de behearsking fan it smytark om de faasje dêr op oer te bringen.
KrêftsportenBewurkje
By de krêftsporten is der hielendal gjin faasje; de krêft fan de sporter moat oerbrocht wurde om in wicht omheech te bringen of foarút te lûken of triuwen. De wichtigste twa tûken binne it Olympyske wichtheven en it resintere en minder technyske krêftheven.