Madhukar
Madhukar (4 novimber 1957, Stuttgart) is in Dútske advaita vedanta – master en auteur.
Madhukar is berne en opgroeid yn Stuttgart. Nei syn stúdzje ekonomy en filosofy oan de universiteit wurke er as telefyzjesjoernalist yn Dútslân. Nei in benei deaûnderfining yn de tachtiger jierren, op ’e siik nei antwurden op de filosofyske en spirituele fragen fan it libben, hie er in ferljochtingsynsjoch. By it ôfrúnjen fan syn oplieding ta joga- en meditaasje-learaar kaam er ta it ynsjoch, dat syn sykjen noch lang net ta in ein kommen wie.
Yn 1992, doe’t er yn Yndia tahold, reizge er nei H.W.L. Poonja, in learling fan Ramana Maharshi. Dy waard syn master. Fan him krige er de namme Madhukar, letterlik oerset út it Sanskryt: huningbij, Leafste.
Sûnt syn weromkommen nei Europa yn 1997, ferkundiget hy de advaita yn satsangs. De styl fan syn satsangs, en syn leafde foar hjoeddeiske muzyk en fuotbal, meitsje him ta in moderne goeroe. Madhukar wennet yn Amsterdam, mar giet winters nei Nepal.
Utjeftes
bewurkje seksje- Erwachen in Freiheit - Lüchow Verlag, Dútslân, 2.útjefte, Stuttgart 2004, ISBN 3-363-03054-1 Ek ferskynd yn it Ingelsk, it Italjaansk en it Russysk.
- Einssein - Lüchow Verlag, Dútslân, 1.útjefte, Stuttgart 2007, ISBN 978-3-363-03120-1 Ek ferskynd yn it Russysk.
- The Simplest Way, Editions India, 2. Auflage, USA & Indien 2006, ISBN 81-89658-04-2.
- Самый простой способ, издательство Ганга, Москва 2008, 1-е издание, ISBN 978-5-98882-063-5.
- La via più semplice, Om Edizioni, Bologna, ISBN 978-88-95687-22-3
- Единство, Издательство: Ганга, 2009 г, ISBN 978-5-98882-098-7
- DIALOGER MED MADHUKAR, GML Print on Demand AB, 2009, ISBN 978-91-86215-28-6
- Freedom here and now, Music-CD.
- Es ist immer Jetzt, in: Vital 12/2009