Mago (agronoom)
Mago (Punysk: 𐤌𐤂𐤍, mgn) wie (mooglik fiktyf) in skriuwer út Kartago dy't in lânboukundige ensyklopedy, besteande út 28 boeken, yn it Punysk skreaun hat. De 28 boeken yn it Punysk binne ferlern rekke, mar guon Grykske en Latynske oersettings besteane noch hieltyd.
Skiednis
bewurkje seksjeIt grûnwurk fan it wurk Mago lei foar in part op Grykske teksten, dy't oanfolle waarden mei Fenisyske en Berberske kunde. Syn ensyklopedy wie sa ferneamd dat it by de ferwoastging fan Kartago troch de Romeinen yn 146 f.Kr. bewarre waard en troch Skipio Aemilianus[1] as kriichsbút nei Rome meinommen waard. De Romeinske Senaat hiet in kommisje fan taalkundigen mei in oersetting nei it Latyn[2]. Dat barde ûnder lieding fan Desimus Junius Silanus. Cassius Dionysius fersoarge de Grykske oersetting dat letter ynkoarte waard troch Diofanus fan Niseä ta in wurk yn seis parten[3].
Wurk
bewurkje seksjeDe oerlevere fragminten binne ûnder oaren te finen by Varro, Columella, Plinius de Aldere en Gargilius Martialis:
- Wa't in lângoed keapet, moat syn hûs yn de stêd ferkeapje.[4]
- De meast produktive wynhôven binne nei it noarden ta rjochte.[5]
- Hoe't wynstôken plante wurde moatte.[6]
- Hoe't wynstôken snoeid wurde moatte.[7]
- Hoe't oliifbeammen plante wurde moatte.[8]
- Hoe't fruitbeammen plante wurde moatte.[9]
- Hoe't sompeplanten rispe wurde moatte.[10]
- Reemeitsjen fan nôt en pûlfruchten om te meallen.[11]
- Hoe't oksen keazen wurde moatte.[12]
- Notysjes oer de sûnens fan fee.[13]
- Mûlezels fôlje bytiden yn Afrika. Mûlezels en merjes binne tolve moanne drachtich.[14]
- Notysjes oer buorkerijbisten.[15]
- Bijen fuorthâlde fan in oksekarkas.[16]
- Bijehâlders meie gjin darren deameitsje.[17]
- Hoe't granaatapels bewarre wurde moatte.[18]
- Hoe't de bêste passum makke wurde moat (druvewyn).[19]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|