Majel Lustenhouwer

Gerardus Majella Josef Maria (Majel) Lustenhouwer (Soest, 21 maart 1953) is in komponist, dirigint, koarlieder en muzykprodusint.

Majel by it 'Grutste Steatsbesyk Ea'

Majel Lustenhouwer studearre koardireksje by Frans Moonen en skoalmuzyk en wurke dêrnei 26 jier yn it muzykûnderwiis. Hy levere in bydrage oan it bernerepertoire middels syn aktiviteiten by Kinderen voor Kinderen. Majel hat 25 jier lang dirigint, komponist en driuwende krêft west efter dit koar. Yn 2006 waard hy dêrfoar ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau beneamd. Hy wurke mei oan CD-opnames en konserten, wêrûnder it jierlikse gala fan it Ronald McDonald-bernefûns.

Koarprojekten

bewurkje seksje

Syn koarprojekten docht er mei it "Groot Omroepkoor", wêrby't de groepen 4 oeren les fan him krigen. Dêrnei kamen ferskate muzyksoarten oan bod en waard in tal muzykstikken ynstudearre. De ôfsluting barde middels in presintaasje mei leden fan it Omropkoar yn in studio fan it MCO.

Komponist en teäter

bewurkje seksje

Lustenhouwer spilet de lêste jierren in soad berne- en famyljefoarstellings. De "Meezing-show" fan de VARA is troch him opsetten. Hy spilet ferskate foarstellings. Neist eigen wurk komponearret Lustenhouwer ek op fersyk foar bedriuwen en symposia. Hjirby siket er ek gearwurking mei oare tekstskriuwers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: