Makeler
In makeler is in tuskenhanneler of tuskenpersoan. Foarhinne waard dizze oantsjutting algemiener brûkt, mar tsjintwurdich ferwiist de term 'makeler' sûnder fierdere tafoeging nei immen dy't as tuskenhanneler of tuskenpersoan aktyf is op it mêd fan hannel yn ûnreplik goed. It wurk fan makelers bestiet út it bemiddeljen by de keap en ferkeap en de hier en ferhier fan huzen, kantoaren, bedriuwsgebouwen, pleatsen, perselen grûn en oar ûnreplik goed, en it regeljen fan kontrakten en keap- en ferkeapôfspraken. In grut part fan dat wurk komt yn 'e praktyk del op it sykjen fan (in makeler fan) in gaadlike tsjinpartij. It fak fan makelers wurdt wol oantsjut as makelerdij, mar ornaris ferwiist men dêrmei nei in beskaat makelersbedriuw.
- Dizze side giet oer in hanneler yn ûnreplik goed. Foar oare betsjuttings, sjoch: makeler (betsjuttingsside).
As midsman tusken de keaper en de ferkeaper (of de hierder en de ferhierder) fersoarget de makeler yn 'e regel alle saken fan opname oant oerdracht troch de notaris. Dêrfoar betellet de klant in koertaazje, in yn 't foar ôfsprutsen persintaazje (meastal tusken de 1% en 2%) fan 'e úteinlik reälisearre ferkeap- of ferhierpriis. Ek klanten dy't ûnreplik goed keapje wolle, skeakelje faak in makeler yn (de saneamde oankeapmakeler). Yn Nederlân binne bonafide makelers oansletten by de Nederlânske Feriening fan Makelers (NVM). Dy hantearre oant de 1990-er jierren advystariven foar syn leden, mar dêr is troch de Nederlânske Meitingingsautoriteit (NMa) it near op lein.
Fan 1967 ôf wie 'makeler' in wetlik beskerme titel, dy't omskreaun wie yn kêst 62 fan it Wetboek fan Keaphannel. Yn maart 2001 is de titelbeskerming troch de doetiidske minister fan Ekonomyske Saken, Annemarie Jorritsma, ôfskaft yn it ramt fan 'e deregulearring. Sûnt mei feitliks elkenien him in makeler neame, en wurdt de kwaliteit fan 'e Nederlânske makelersfakgroep bewekke troch brânsorganisaasjes dy't mei sertifisearringsregelings wurkje. Der binne yn Nederlân twa fan sokke regelings: VastgoedCert en SCVM (Stifting Sertifisearring foar Makelers en Taksateurs).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |