Makkumer- en Parregeaster Marpolders
De Makkumer- en Parregeaster Marpolders is in boezemwetterskip yn Wûnseradiel fan ± 1000 hektare. It beslaat de grûnen fan de droeleinde Makkumer Mar en Parregeaster Marren mei it op dy marren eartiids ôfwetterjende rânegebiet.
Makkumer- en Parregeaster Marpolders | ||
bysûnderheden | ||
oerflak | 1000 ha | |
drûchlein | 1883 |
Doel en wurken hingje gear mei de drûchmakking. It wetterskip is oprjochte en reglmintearre yn 1883 om neikomming fan de konsesjebetingsten te fersekerjen. It besloech doe benammen de grûnen fan de drûchmakkerij (650 ha.)
F.A. van Hall wie ienichst yngelân en oefene ek it bestjoer út. Doe't der troch ferkeap mear yngelannen kamen is it reglemint feroare en kaam der in normaal bestjoer (1902). Klachten oer bediking fan omlizzende partikuliere polders laten ta reorganisaasje (1916-1917). It wetterskip waard útwreide mei dêrop ôfwetterjende grûnen ta ± 950 ha. Omlizzende partikuliere polders binne ûnderbrocht yn oare wetterskippen û.o. Koaihuzen, Fallingabuorster- en Aaltsjemarpolder, Ritsebuorren) wylst in oerkoepeljend wetterskip de Waarboarch foarme. Bepaald waard dat grûnen yn de eardere drûchmakkerij twa kear safolle bydrage moasten as de omlizzende gebieten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|