Maltezerkrúsmeganisme

It maltezerkrúsmeganisme is in meganisme dat in kontinu rotearjende beweging omset yn in intermittearjend rotearjende beweging. De wurking fan dit intermittearjend meganisme berêstet gedieltlik op dy fan in kruk-slûfmeganisme.

Ekstern útfierd maltezerkrúsmeganisme
Yntern útfierd maltezerkrúsmeganisme

De namme maltezerkrúsmeganisme is nei de oerienkomst yn ferskiningsfoarm mei it Maltezer Krús. Yn Ingelsksprekkende lannen wurdt dit meganisme meastal oantsjutten mei de term Geneva drive omdat ien fan de ierste tapassings útfûn waard yn Switserske horloazjes.

Op it oandriuwende tsjil is in pin monteard dy't by elke rotaasje yn in gleuf fan it oandreaune tsjil skoot en dit lêste tsjil ien stap foarút beweecht. Neist de pin hat it oandriuwende tsjil soms noch in útstekkende rûning dy 't by in diel fan de rotaasje de draaiing fan it oandreaune tsjil blokkearret op dy mominten dat de pin net yn kontakt is mei it oandreaune tsjil.

It oantal gleuf-pin kombinaasjes fariearret neigelang de tapassing. Bygelyks by de tapassing mei fjouwer gleuven yn it oandriuwende tsjil wurdt by elke rotaasje fan it oandriuwende tsjil it oandreaune tsjil 90° foarútdraaid. By in oandreaun tsjil mei n gleuven wurdt dit tsjil (360/n)° foarút draaid per rotaasje fan it oandriuwende tsjil.

Dit meganisme fereasket tige sekuere ôfmjittings, en moat altiten goed en kontinu smard wurde, bygelyks troch it kontinu ûnderdompele te hâlden yn in oaljebad.

In soad brûkte tapassing is te finen yn de klassike filmprojektors, wêrby't de film bestiet út in searje plaatsjes dy't yn in tempo fan 24 plaatsjes per sekonde oan de taskôger toand wurdt om in kontinu beweegjende yllusy te kreëarjen. Ién plaatsje moat dus 1/24 sekonde stil stean. It maltezerkrúsmeganisme is hjirfoar tige geskikt.

Oare tapassings kinne bygelyks fûn wurde yn klokmeganismen, plotters, of rinnendebânwurk dêr't it produkt hieltiten efkes stilstean moat om deroan te wurkjen.