Mammalogy
(Trochferwiisd fan Mammalogen)
Mammalogy is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op it bestudearjen fan sûchdieren, en heart dêrmei ta de soölogy. Oare (histoaryske) termen foar mammalogy binne mastology, mastosoölogy, teariology en tearology. Der besteane likernôch 4.200 ferskillende soarten sûchdieren. De wichtichste ûndersyksterreinen fan 'e mammalogy binne natoerhistoarje, taksonomy, anatomy, fysiology, ekology en natoerbehear. Mammalogy omfiemet ek wer ferskillende subdissiplines, lykas primatology, de stúdzje fan primaten, en setology, de stúdzje fan walfisken en dolfinen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|