Marcel Dupré
Marcel Dupré (Rouen, 3 maaie 1886 — Meudon, 30 maaie 1971) wie in Frânsk komponist, muzykpedagooch en oargelist dy't in soad muzyk foar oargel skreaun hat.
Hy studearre oargel mei Alexandre Guilmant, Louis Vierne, Charles–Marie Widor en Diémer oan it konservatoarium yn Parys, dêr't er yn 1914 de Grand Prix de Rome ûntfong.
Yn 1906 waard Dupré assistint fan Widor yn de tsjerke Saint-Sulpice te Parys en folge him yn 1934 as organist op. Hy wie doe al oargellearaar oan it Paryske konservatoarium; yn 1953 waard er dêr direkteur.
As komponist fan oargelmyzyk sette Dupré oan de iene kant de 19e-iuwske tradysje fan in Guilmant en Widor fuort, mei in sterk orkestrale technyk as skaaimerk, mar oefene oan de oare kant ek ynfloed út op de komponist Olivier Messiaen, dy't syn learling wie. In protte fan syn komposysjes binne fuortkaam út ymprovisaasjes, dêr't er in master yn wie.
Dupré stoar op Pinkstermiddei, nei it spyljen fan it moarnsoffysje.
Wurk
bewurkje seksjeDupré syn wurk kin hjir besjoen wurde.