Marcos Hiráldez de Acosta
Marcos Hiráldez de Acosta (Sevilla, 1830 - Madrid, 1896) wie in Spaanske keunstskilder út de 19e iuw.
Karriêre
bewurkje seksjeHy kaam oarspronklik út Sevilla en wie in learling fan Antonio María Esquivel en Picot. Op de útstalling fan 1860 presintearre er de Aparición de Venus a Anquises, de cuyo encuentro resultó Eneas ('Ferskining fan Venus oan Anchises, út waans moeting Aeneas fuortkaam'), en krige er in earfolle fermelding. Deselde ûnderskieding krige er op de Tentoanstelling fan Skiene Keunsten yn 1862, dêr't er twa skilderijen útstalde: Dafne y Cloé ('Daphne en Chloë') en Faraón restituyendo a Abraham su esposa Sara ('Farao dy't syn frou Sarah oan Abraham weromjout').
Yn 1864 krige er in medalje twadde klasse foar syn Jura de Santa Gadea, in wurk dat oankocht waard troch de Senaat. By de folgjende tentoanstelling yn 1866 krige er in medalje, twadde klasse, foar ien fan de trije portretten dy't er presintearre. It skilderij fan Daphne waard ek opnaam yn de Wrâldtentoanstelling yn Parys yn 1867.
Op de Nasjonale Utstalling fan 1871 yn Madrid presintearre er in skilderij mei La heroína Agustina de Zaragoza ('De Heldin Agustina fan Saragossa') en in Un retrato de señora ('Portret fan in dame'). Yn 1878 presintearre er it skilderij: El poeta ('De Dichter'). Hy skildere ek in portret fan kening Amadeo (El Rey Amadeo), dat er yn 1871 makke foar it Ministearje fan Genede en Justysje, en twa portretten fan kening Alfonso, dy't er yn 1880 foltôge.
Hy wie assistint-dosint yn it ambachtsûnderwiis en Ridder yn de Oarders fan Maria Victoria en Karel III.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marcos Hiráldez Acosta fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|