Margaret Sarah Carpenter

Margaret Sarah Carpenter (Salisbury, 1793Londen, 13 novimber 1872) wie in Britsk skilderesse. Se wie tige bekend yn har tiid en skildere benammen portretten, goed 250. Har wurk waard faak útstald yn de Royal Academy of Arts. Trije fan har portretten binne opnaam yn de National Portrait Gallery yn Londen.

Margaret Carpenter, selsportret

Yn 1817 troude se mei William Hookham Carpenter, dy't yn it Britsk Museum wurke. Twa fan harren bern, William en Percy, waarden letter ek skilders. Ek brocht se har suster Hariett yn 'e kunde mei de skilder William Collins; sy trouden yn 1822. Nei't har man yn 1845 mei pensjoen gie, stipe hja de famylje fan de ynkomsten út de ferkeap fan har skilderijen. Nei it ferstjerren fan har man yn 1846 krige se in jierliks pensjoen fan keninginne Victoria.

  • Lionel Lambourne: Victorian Painting. Londen 1999.
  • William Cosmo Monkhouse: Carpenter, Margaret Sarah, yn: Dictionary of National Biography, s. 9, 1887

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Augusta Ada Byron King, Lady Lovelace (1815-1852) Britsk wiskundige