Marianne Vlasveld

Marianne Vlasveld (Roelofarendsfean, 17 juny 1967) is CIOS-leararesse en wintertriatlonster út Reahel. Se waard twa kear wrâldkampioen en twa kear Europeesk Kampioen. Vlasveld wie ek atletenfertsjintwurdichster fan de ynternasjonale triatlonuny.

Hja begûn op har sechtjinde mei langlaufen en waard meardere kearen Nederlânsk kampioene en die fiif kear mei oan it WK. Yn 1993 rekke se slim blessearre op in langlauftreningskamp yn Tsjechje en bruts in nekkewringe.

Ein njoggentiger jierren lei se har ta op de wintertriatlon. Wintertriatlon bestiet út draven, mountainbiken en langlaufen. Yn 2005 waard se twadde op it wrâldkampioenskip yn Slowakije, wylst se earder dat jier ek al sulver wûn hie op it Europeesk Kampioenskip. Yn 2006 stoppe se op 38 jier âld nei it WK, dêr't har ivige rivale Sigrid Lang út Dútslân wûn.

Yn 2003 wûn se de Fryske Sportpriis en waard se ûnderskieden mei de Thea Sybesma Award.

Marianne Vlasveld is dosinte treningskunde, anatomy en sportfisiology op it CIOS en troud mei Frank Ittman.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: