Marije-Himelfeartkatedraal (Katmandû)
De Marije-Himelfeartkatedraal is in roomsk-katolike katedraal yn in bûtenwyk fan it distrikt Lalitpur, súdlik fan Katmandû, Nepal. De katedraal tsjinnet as it sintrum fan it Apostoalyske Fikariaat fan Nepal (Vicariatus Apostolicus Nepalianus), in status dy't paus Benediktus XVI mei syn bul Ad aptius consulendum ferliende. De measte kristenen yn Nepal binne protestantsk.
Marije-Himmelfeartkatedraal | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nepal | |
sône | Bagmati | |
plak | Lalitpur | |
adres | Jhamsikhel Road | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1995 |
De katedraal waard as tsjerke boud en op 15 augustus 1995 ynwijd troch kardinaal Jozef Tomko, de prefekt fan de Kongregaasje foar de Evangelisaasje fan de Folken. De parochy telt likernôch 3.000 katoliken.
Op 23 maaie 2009 diene hindû-ekstremisten in bomoanslach op de katedraal. Troch de oanslach ferlearen trije minsken it libben en waarden 13 ferwûne. Yn 2010 waard it haad fan in hindû-ekstremistyske groep, Ram Prasad Mainali, arrestearre. Alhoewol't de dieder fanút de finzenis witte liet dat er spyt hie fan de oanslach, waarden yn 2011 nochris seis meistanners arrestearre dy't op oanwizing fan harren lieder yn de finzenis in tal bomoanslaggen op kristlike gebouwen planden.[1]
Yn april 2017 besochten ûnbekende minsken de katerdaal yn 'e brân te stekken. By de lêste oanslach wie der allinne materjele skea.[2]
De lytse mar waaksjende kristlike mmienskip yn it lân hat al hiel lang te lijen ûnder ûnferdraachsumens yn it lân.[3][4] Sûnt 2017 hat de oerheid in wet ôffurdige, dy't it ferbiedt om in oar leauwe oan te nimmen.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|