Marilyn Manson (sjonger)

Marilyn Manson, pseudonym en alter ego fan Brian Hugh Warner (Canton, Ohio, 5 jannewaris 1969) is in Amerikaansk sjonger, songwriter, akteur en keunstskilder. Hy is de haadsjonger fan de band mei deselde namme (Marilyn Manson) en faaks it meast ferneamd fan syn lieten en albums dy't útbrocht waarden yn de 90-er jierren, lykas Antichrist Superstar (1996) en Mechanical Animals (1998), dy't him de namme fan kontroversjeel persoan besoargen mei in negative ynfloed op de jongerein. Manson hat nominearre west foar fjouwer Grammy Awards.
De artystenamme Marilyn Manson is gearstald út de nammen Marilyn Monroe en Charles Manson.

Marilyn Manson (sjonger)
sjonger en/of muzikant
Marilyn Manson (2009)
Marilyn Manson (2009)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Brian Hugh Warner
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 jannewaris 1969
berteplak Canton
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) The Beautiful People,
The Dope Show,
Mobscene,
Tainted Love (Gloria Jones cover)
jierren aktyf 1989-no
Marilyn Manson by it Ynternasjonale Filmfestival fan Cannes, 2006

Hy gie doe't er 18 wie oer nei Fort Lauderdale (Florida), dêr't er as muzyksjoernalist oan 't wurk gie. Troch dy baan krige er kunde oan Trent Reznor, de sjonger fan Nine Inch Nails, dy't him letter noch helpe soe. Yn 1989 rekke Manson befreone mei gitarist en ferskoveling fan de mienskip Scott Mitchell; sy besletten ta it oprjochtsjen fan band, "Marilyn Manson and the Spooky Kids", wat letter gewoan "Marilyn Manson" waard.

Manson hat in lange relaasje hân mei aktrise Rose McGowan en wie ien jier boaske oan it neakenmodel Dita Von Teese, dy't ein 2006 in fersyk ta skieden yntsjinne. Ek syn ferkearing mei aktrise Evan Rachel Wood rûn yn 2010 op 'e non. Manson is dwaande mei in earste film dêr't ersels it skript foar skreaun hat en dy't er sels regissearje sil: Phantasmagoria: The Visions of Lewis Carroll.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Portrait of an American Family 19 july 1994 Marilyn Manson Get Your Gunn,
Lunchbox
Antichrist Superstar 8 oktober 1996 The Beautiful People,
Tourniquet
Mechanical Animals 15 septimber 1998 The Dope Show,
I Don't Like the Drugs (But the Drugs Like Me),
Rock Is Dead
The Last Tour on Earth 12 novimber 1999
Holy Wood
(In the Shadow of the Valley of Death)
11 novimber 2000 Disposable Teens,
The Fight Song,
The Nobodies
The Golden Age of Grotesque 7 maaie 2003 Mobscene,
This Is the New Shit
Eat Me, Drink Me 15 juny 2007 Heart-Shaped Glasses (When the Heart Guides the Hand),
Putting Holes in Happiness
The High End of Low 20 maaie 2009 We're from America,
Arma-goddamn-motherfuckin-geddon
Born Villain 25 april 2012 No Reflection,
Slo-Mo-Tion
The Pale Emperor 15 jannewaris 2015 Third Day of a Seven Day Binge,
Deep Six,
Cupid Carries a Gun
Heaven Upside Down 6 oktober 2017 We Know Where You Fucking Live,
Kill4Me
We Are Chaos 11 septimber 2020 We Are Chaos,
Don't Chase the Dead
One Assassination Under God - Chapter 1 2024

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marilyn Manson - Ancient Text: Celebrity Ghost Stories Full Episodes and Videos; Biography.com,
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marilyn Manson fan Wikimedia Commons.