Mario (personaazje)
Mario is in fideospulpersonaazje, ûntwikkele troch de Japanske Gamedesigner Shigeru Miyamoto en wurdt sjoen as de maskotte fan de nintendo. Der binne al mear as 200 fideospultsjes dêr't er yn foarkomt sûnt hy optocht waard troch syn ûntwerpers. Yn it earstoan wie it in 2D- personaazje foar de Nintendo NES. Letter ferskynden race spultsjes, puzelspultsjes, role-playingspultsjes, fjochtspultsjes, sportspultsjes en withoefolle oare kategoryen spultsjes mei Mario as haadrolspiler.
Wa is Mario
bewurkje seksjeMario is in lytse, grouwe Italiaanske leadgieter dy't yn it Mushroam Kingdom wennet dêr't hy de grutte held is; hy striidt hieltyd tsjin de kweade King Bowser dy’t alle kearen Princess Peach besiket te kidneppen en it Muschroom Kingdom oernimme wol. Syn karakter kin omskreaun wurde as dapper en blier en hy ferrast syn fijannen mei de saneamde special moves. Hy wurket gauris gear mei syn broer Luigi en hat in relaasje mei Princess peach mario. Syn kweade dûbelgonger hjit Wario.
Mario is de maskotte fan Nintendo en is hjoed de dei de meast ferneamde personaazje op it mêd fan fideospultsjes. Meiïnoar binne der al mear as 285 miljoen Mariospultjses ferkocht, dêr't de Mario-searje de bêstferkeapjende fideospulrige ea mei is. Neist de platfoarmspultsjes dêr't er faak yn ferskynt, ferskynt Mario ek yn fideospultsjes yn oare sjênres sa as de Mario Kart race searje, mar ek de Nintendo arkade sportspultsjes lykas super mario RPG: Legend of the Seven Stars de mario tennisspultsjes en de mario golfsearje. Nêst de Mario RPG's as super mario, paper mario binne der tillefyzjeprograms, films, strips en withoefolle merchandising.