Markus Falearius Martialis
Markus Falearius Martialis (Latyn: Marcus Valerius Martialis) wie in Romeinsk skriuwer. Hy waard berne tusken 38 en 41 nei Kr., nei eigen sizzen op de Iden fan maart (dêrom it cognomen Martialis). Hy ferstoar tusken 102 en 104. De perioade wêryn't Martialis libbe stiet wat materiële wolfeart oanbelanget bekend as de bloeiperioade fan it Romeinske Ryk.