Marnehuizen
Marnehuizen is in militêr oefendoarp op it militêr oefenterrein Marnewaard, flakby de Lauwersmar. It heart by de Willem Lodewijk van Nassaukazerne. Marnehuizen bestiet sûnt 2002 en is it grutste oefendoarp fan Jeropa.
Doarp
bewurkje seksjeIt "doarp" bestiet út in tal huzen, in stikje spoar mei in stasjon, in gemeentehûs, bank, supermerk, tankstasjon, loadsen, in yndustrygebiet en sels in ûndergrûnsk rioelstelsel. De strjitten fan it doarp hawwe nammen fan strjitten út it sintrum fan Rotterdam fan foar it bombardemint yn de Twadde Wrâldkriich.
Doel
bewurkje seksjeMilitêren kinne yn it oefendoarp realistysk trene yn de techniken fan it fjochtsjen yn in stêd. It doarp wurdt ek brûkt foar oefenings fan plysje en brânwacht. Sy hawwe in laser-systeem fan Saab ta harren foldwaan; in avansearre foarm fan lasergamen. De laser wurdt op it wapen set en reagearret op de wurking fan de ôfsluter. Dêrnei reagearje de detektoaren op it fest en de helm en kin der in kill of in wounded makke wurde.
Tagonklikens
bewurkje seksjeIt doarp wie yn 't earstoan yn 't wykein foar it publyk tagonklik, mar letter net mear. Flak lâns Marnehuizen, troch it militêr oefenterrein, rint in kuierrûte dy't in ûnderdiel is fan de Europeeske kuierrûte E9.
Oare oefendoarpen
bewurkje seksjeNederlân hat neist Marnehuizen noch in oefendoarp by it Feluwske Ynfantery Sjitkamp Harskamp, Oostdorp neamd, mar mei 34 huzen is dat oefendoarp in stik lytser. De ME hat in oefendoarp by Hoogerheide yn Noard-Brabân. Fergelykbere doarpen yn it bûtenlân binne bygelyks Copehill Down (Feriene Keninkryk), Brikby (Denemark) en Medina Jabal en Medina Wasl (Feriene Steaten - Mojavewoastyn).