Martin B-10
Martin B-10 | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Glenn L. Martin Company |
Untwerper | Peyton M. Magruder |
Earste flecht | 16 febrewaris 1932 |
Yn tsjinst | novimber 1934 |
Ut tsjinst | 1949 (Royal Thai Air Force) |
Tal makke | 348 (1933-1940) |
Grutste brûkers | United States Army Air Corps, Nederlânske Eastyndyske Loftmacht, Turkske Loftmacht, Sineeske Nasjonalistyske Loftmacht, Argentynske Loftmacht |
Farianten | Martin Model 146 |
De Martin B-10 wie de earste iendekker bommesmiter út de FS dy't hielendal fan metaal makke wie. It tastel kaam yn tsjinst yn 1934. It wie ek de earste bommesmiter dy't massaal produsearre waard en hy prestearre better as de besteande jachtfleanmasines op dat stuit. De B-10 tsjinne as basis foar de ferzjes B-12, B-13, B-14, A-15 en O-45 .
It B-10 ûntwerp hie in tal revolúsjonêre fernijings dy't fabrikant Martin de Collier Trophy yn 1932 besoarge:
- in ynwendich bommerûm
- draaiende mitrailleurkoepels
- ynlûkber lâningsgestel
- cowlings om de silinders, foar in bettere kuolling
- folslein fan metaal
It waard de standert foar alle lettere bommedragers.
De B-10 hat tsjinne by de Nederlânske Eastyndyske Loftmacht en ek by 7 oare loftmachten njonken dy fan de FS.
Technyske feiten
bewurkje seksjeMartin B-10A: | |
Feiten | |
---|---|
Lingte | 13,6 m |
Spanwiidte | 21,5 m |
Wjokoerflak | 63 m² |
Hichte | 4,7 m |
Oandriuwing | twa Wright R-1820-33 stjermotors fan 775 HK (578 kW) it stik |
Grutste faasje | 346 km/o |
Fleanberik | 2.200 km |
Bemanning | ien piloat, twa skutters |
Tsjinstplafond | 7.380 m |
Gewicht leech | 4.391 kg |
Fleangewicht | 7.440 kg |
Bewapening | Trije 7,62-mm-Browning-MGs, 1.030 kg bommen |