Martlers fan Alkmar
De Martlers fan Alkmar binne in groep roomske geastliken, dy't nei de oermastering fan Alkmar troch Diederik Sonoy yn 1572 nei Inkhuzen brocht waarden en dêr troch de wettergeuzen tamtearre en ophongen binne.
Barren
bewurkje seksjeOp 24 juny 1572 oermasteren de geuzen Alkmar en dêrby namen hja roomske geastliken finzen. De troch Willem fan Oranje as gûverneur fan West-Fryslân beneamde protestant Diederik Sonoy joech opdracht om har nei Inkhuzen te bringen, dêr't Sonoy boargemaster wie. De finzenen soene frijlitten wurde as hja oergyngen op 'e nije leare en it katolisisme ôfswarden. Nei't hja dat wegeren en dêryn nei tamtaasje folhurden, waarden hja op 25 juny 1572 foar it Inkhuzer stedhûs ophongen. De lichems fan 'e bruorren binne neitiid yn 'e dridze smiten.
It bleau net by fiif martlers want yn itselde jier waard ek de lekebroeder Engelbert fan Terborg ophongen yn Ransdorp. En op 5 septimber 1573 waarden troch ferrie fan harren skûlplak pastoar Eylard Dikssoan fan Wetterlân en kapelaan David Leendertssoan finzen nommen. Ek hja waarden nei swiere tamtaasje lang om let op 11 desimber 1573 op 'e brêge oan 'e ein fan 'e Langestrjitte yn Alkmar ophongen.
Nammen
bewurkje seksjeDe fiif yn Inkhûzen ophongen geastliken kamen allegear út it Fransiskaanske kleaster fan Alkmar. Harren nammen wiene:
- Daniël fan Arendonk;
- Hadrianus fan Gouda;
- Cornelis fan Diest;
- Johannes fan Naarden;
- Lodewijk Voets (of Ludovicus Boethuis).
Oars as de martlers fan Gorkum binne de martlers fan Alkmaar nea sillich of hillich ferklearre. Om de martlers te betinken en it barren by in grutter publyk bekend te meitsjen, is der foar de acht martlers by de Sint-Laurentiustsjerke fan Alkmar sûnt 2020 in brûnzen plaat oanbrocht.[1] Ek wurdt der fanút it bisdom krewearre foar in sillich- of hillichferklearring fan 'e martlers.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|