Mary Dimmick Harrison
Mary Dimmick Harrison (berne as: Mary Scott Lord Dimmick; Honesdale, 30 april 1858 - New York City, 5 jannewaris 1948) wie de twadde frou fan de eardere Amerikaanske presidint Benjamin Harrison.
Mary Scott Lord wie in dochter fan Russell Farnham Lord, haadyngenieur by de Delaware and Hudson Canal (letter bekend as de Delaware and Hudson Railway), en syn wiif Elizabeth Mayhew Scott.
Mary Scott Lord troude yn 1881 mei Walter Dimmick dy't lykwols trije moannen letter al stoar. Dat sy wie in widdo fan 37 jier doe't hja yn 1896 oan de eardere Amerikaanske presidint Benjamin Harrison boaske. Mary wie in nicht fan Harrisons earste wiif Caroline Harrison. It pear sette har nei wenjen yn Indianapolis, dêr't harren Elizabeth Walker yn 1897 berne waard en dêr't Harrison yn 1901 fersstoar. Mary libbe neityd noch 47 jier.