Mary Dresselhuys Priis

De Mary Dresselhuys Priis is yn 1992 yn it libben roppen troch Joop van den Ende, dy't mei dy priis it wurk fan aktrise Mary Dresselhuys earje woe. Op 5 septimber fan dat jier waard de priis foar it earst útrikt oan Dresselhuys sels. Sûnt wurdt de priis alle twa jierren takend.

De priis bestiet út 12.500 euro, dy't bestege wurde moat oan it foarúthelpen fan alle foarmen fan toanielspyljen.