Massa-enerzjyrelaasje
E=mc² is in formule fan Albert Einstein syn spesjale relativiteitsteory. Massa en enerzjy blike yn elkoar út te drukken neffens dizze formule. Lytse bytsjes massa (m) kinne omsetten wurde yn in hiel soad enerzjy (E) tanksy de fermannichfâldiging yn de formule mei it kwadraat fan de ljochtsnelheid (c). Dizze massa-enerzjy-ekwifalint waard letter de ferklearring foar enerzjyopwekking by kearnspliting en kearnfúzje, dêr't wat massa by ferlern giet mar in soad enerzjy frijkomt.