Mastermind is in klassiker ûnder de spullen yn logysk tinken. De iene spiler besiket efter de geheime koade fan de oare spiler te kommen.

Mastermind
Wurdmastermind

Mastermind waard yn 1970 útfûn troch Mordecai Meirowitz, in Israelyske postmaster en telekommunikaasje-ekspert. Neidat er it idee oan grutte boartersguodbedriuwen presintearre hie en it op de ynternasjonale boartersguodbeurs fan Neurenberg sjen litten hie, waard it oppikt troch in plestikbedriuw, Invicta Plastics, dat yn de omkriten fan Leicester yn Grut-Brittannië fêstige is. Invicta kocht alle rjochten fan it spul en de oprjochter, Edward Jones-Fenleigh, ferfine it spul fierder. It waard útbrocht yn 1971 -2. [1]

De koademakker kiest yn it geheim fjouwer koade-pionnen en set dizze yn in keazen folchoarder efter it sichtskermke. It is tastien om twa of mear pionnen yn deselde kleur te kiezen. De koademakker hat de kar út seis ferskillende kleuren. Dit is de ferburgen koade dy ’t de koadebrekker ûntriedselje moat.

Yn syn beurt set de koadebrekker fjouwer koade-pionnen nei kar yn de earste lege rige. No jout de koademakker mei de kaai-pintsjes it resultaat:

  • mei swarte kaaipintsjes: hoefolle kleuren steane op it goede plak?
  • mei wite kaaipintsjes: hoefolle kleuren komme wol yn de koade foar, mar net op de goede posysje?

Mei dizze nije ynformaasje set de koadebrekker fjouwer folgjende koade-pionnen yn de earstfolgjende lege rige.

At de koademakker fjouwer reade/swarte pintsjes delsetten hat, is de koade kreake. Faak klapt hy dan ek it sichtskermke om, sadat de koade foar de koadebrekker sichtber wurdt. No wikselje de rollen. De spiler dy ’t de minste beurten nedich hat om de koade te kreakjen, is de winner fan it spul.

At beide spilers yn likefolle beurten de koade witte te kreakjen of at beide spilers de koade net wit te te kreakjen, kinne eventueel noch twa rondes spile wurde om út te meitsjen wa ’t de winner is fan it spul.

It spul waard yn Grut-Brittannië keazen as Spul fan it Jier 1973 troch de Britske feriening fan boartersguodhannelers.

Meastentiids wurdt der spile mei fjouwer plakken op elke rige, wurdt der spile mei pionnen fan 6 ferskillende kleuren en krijt de spiler, dy’t de koade besiket te kreakjen 12 kear de mooglikheid te rieden, der binne dus 12 rigen. Mei in kocht spul, lykas op it plaatsje, is it net mooglik om dizze oantallen te feroarjen, mar mei Mastermind online eventueel wol.

De oarspronklike fariant hat in koade fan 5 posysjes, te kiezen út 8 kleuren. Foar de werklik superieure spiler kin it spul dreger makke wurde troch yn de koaderige ien of mear gatsjes leech te litten. By it normale spul mei 8 kleuren binne der 32.768 fariaasjes mooglik, troch it tafoegjen fan it lege gat (om samar te sizzen in njoggende kleur) rint it oantal fariaasjes op nei 59.049.

Der bestiet ek in fariant mei 4 sifers, ek wol 'klûzekreaker' neamd. Dit spul komt benammen yn Bulletin board systemen op ‘packet-radio’ foar, mar kin ek op papier spile wurde. Ek waard dit spul brûkt yn de finale fan it telefyzjeprogramma ‘Bankgeheim’. Hjir foarmen de fjouwer goede sifers de koade fan de klûs mei it jild.

Wurdmastermind is in oare fariant fan de klassike ferzje fan Mastermind, wêrby ’t de koade bestiet út de fjouwer letters fan in besteand wurd. It tal mooglike koades is troch it feit dat der mear mooglike koade-pionnen (letters ynstee fan kleuren) binne, heger as by de klassike ferzje. De koadebrekker makket by it kreakjen fan de koade gebrûk fan de kombinaasje logysk tinken en de eigen wurdskat.

Yn it earste oankommen liket it spultsje Lingo op wurdmastermind, it oplossen is lykwols folle ienfâldiger makke troch net allinnich de oantallen fan krekte letters oan te jaan, mar ek hokker letters dat binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Invicta Toys and Games (12 augustus 2007). Argivearre op 12 August 2007. Oproppen op 26 desimber 2017.