Materieel '24 wie in searje elektrysk spoarweimaterieel fan de Nederlandse Spoorwegen. Nei de komst fan it elektryske stroomlinematerieel sûnt 1935 waard de beneaming fan dit materieel Blokkedoazen, nei it hoekige model. Guon NS-ers en spoarweibelangstellenden sprutsen steefêst oer " (elektrysk) buffermaterieel ", as ûnderskieding fan de streamline, bufferleaze elektryske treinstellen fan de types Mat '35, Mat '36 en Mat '40. By it ûntwerp fan dit materieel yn 1924 waard gebrûk makke fan de ûnderfiningen dy't opdien wiene mei it earste elektryske materieel yn Nederlân, it 'ZHESM-materieel út 1908 dat brûkt waard op de spoarline Rotterdam Hofplein - Skeveningen (Hofpleinline).

Mat '24
Mat '24 mC 9002 'Jaap'
Mat '24 mC 9002 'Jaap'
Algemien
Bynamme blokkedoaze
Oantal 261
Fabrikant flagge fan Nederlân Werkspoor
flagge fan Dútslân HAWA
flagge fan Nederlân Beijnes
flagge fan Dútslân Görlitz
Boujier 1924 - 1933
Ut tsjinst Fanôf 1959
Ferfierder NS
Spoarbreedte 1435 mm
Technyk
Stroomsysteem 1,5 kV gelykstroom
Oerbringing Boppelieding
Fermogen 662 kW mei de motorwein

Mei de motorrydtugen en rydtugen waarden min ofte mear fêste kombinaasjes foarme, meastal besteande út twa motorrydtugen skeakele mei twa of trije tuskenrydtugen. De motorrydtugen wiene ynearsten oan ien kant foarsjoen fan in bestjoerders-kabine. Ta fergrutting fan de ynsetberens waarden letter ek motorrydtugen ôflevere dy 't foarsjoen wiene fan in optearbalch, mei dêrnjonken in (neffens hjoeddeiske mjitstêven krappe) bestjoerderskabine. Troch de oanwêzichheid fan buffers en skroefkeppelings koe dit materieel ek yn lutsen treinen ynset wurde. Oarsom koene ek oare typen rydtugen, yn blokkedoastreinen ynset wurde.

It Mat '24 materieel is elektrysk buffermaterieel en bestie út in grut tal soarten fan motorrydtugen en folgrydtugen. It totaal oantal produsearre Mat '24 rydtugen komt op 259 stiks.

Ferbouwingen jierren tritich

bewurkje seksje

Yn de jierren tritich waarden inkelde ferbouwingen oan Mat '24 útfierd, sadat it materieel better foldie oan it aktuele ferfiersferlet. De wyt-griene kleurstelling fan de treinen waard wizige yn grien, omdat dat minder besmetlik wie foar smoargens.

Ferbouwing oant lutsen rydtúgen en losse tsjinstweinen

bewurkje seksje

Nei 't yn 1959 de lêste Mat '24 as elektrysk buffermaterieel ynset waarden, wie de rol fan de ferskate (motor)rydtugen noch net útspile op it spoarnet. Stadichoan waard yn 'e fyftiger jierren in grut part fan it materieel blau skildere en ynset as lutsen rydtúgen. Dêrby waarden fan de motorrydtúgen de motoaren en stroomôfnimmers fuorthelle. Ynset fûn hjirby plak yn ferskate reizgerstreinen. Dêrneist waarden de rydtugen ynset yn militêre ferlofgongerstreinen.

Neist de ferbouwingen fan in grut tal rydtúgen en in part fan de motorrydtugen oant lutsen rydtugen, waard in part fan de motorrydtugen mei bagaazjeromte ferboud ta tsjinstweinen foar de NS (mDW) en de PTT (Motorposten). De tsjinstrydtúgen waarden ûnder oare brûkt foar it oplieden fan masinisten, ATB-mjitrydtûch en as railslypwein. Mei de yntsjinststelling fan 35 nije Motorposten yn 1965 waarden de Blokkendoas-motorposten bûten tsjinst steld.

 
Museum treinstel Mat '24 yn 2014

It materieel wie yn earste ynstânsje bedoeld om brûkt te wurden op de spoarline Amsterdam - Rotterdam (Oude Lijn ), dy't fan 1924 oant 1927 elektrifisearre waard. Dêrneist waard yn 1927 de IJmondline elektrifisearre. Yn 'e rin fan 'e tiid wie it materieel op in grut part fan it elektrifisearre spoar net te sjen.

Nei 't yn de midden fan de jierren fyftich nij materieel fan it type Mat '54 en lutsen rydtugen Plan E ôflevere waard, waard tusken 1955 en 1960] it grutste part fan de motorrydtugen ta lutsen rydtugen ferboud, wêrby't de traksjemotors en de stroomnimmers fuorthelle waarden. Yn 1959 rieden de lêste elektryske Blokkedoastreinen foar reizgersferfier. De lêste lutsen Blokkedoasrydtugen rieden yn 1972 yn reizgerstreinen. Neitiid binne ferskate rydtugen ferkocht oan museumspoarlinen, ûnder oare de Veluwsche Stoomtrein Maatschappij, de Stoomtrein Goes-Borsele en de ZLSM.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Commons: Mat '24 – foto, fideo en harktriemmen