Mathurin Guitet
Mathurin Guitet, ek wol Marthurin, (1664/65 - 1745) wie in kaptein fan de Fryske Admiraliteit, keapman en kaartmakker. Tusken 1704 en 1718 makke hy kaarten fan de Noard-Nederlânske en Noard-Dútske kust.
Guitet makke fan 1708 oant 1710 presize kaarten fan de Dútske bocht en de East-Fryske en Sleeswykske, ferriedlike wetters en kusten. Foar dy tiid hie er sa'n tsien jier keapfardijskippen oer it waad de Weser, nei Bremen, en de Elbe, nei Hamburch, op loadst. Syn kaarten fan dy kriten wiene foar it earst goed te brûken foar navigaasje.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|