Matroas (skipfeart)

In matroas is in seeman yn 'e keapfardij of de fiskerij dy't alle algemiene en foarkommende wurksumheden oan board fan in skip ferrjochtet dy't nedich binne om dat skip skjin en seeweardich te hâlden. Behalven foar skjinmeitsjen en ûnderhâld wurde matroazen ek ynset as útkyk en as roerman. As it om in sylskip giet, komt dêr noch by it by it hysjen, sakje litten en op oare wize betsjinjen fan 'e seilen.

In folmatroas oan it roer

Yn 'e keapfardij wurdt ûnderskie makke tusken licht- en folmatroazen. In lichtmatroas is in learling-matroas, yn it jargon fan 'e skipfeart in 'oankommend matroas' of 'matroas ûnder gaazje' neamd. Fan âlds holpen lichtmatroazen op sylskippen de boatsman en de kertiermaster. Se soargen foar de feilichheid fan 'e eventuële passazjiers en ferrjochten ek ûnderdeks taken oangeande it skjinhâlden en ûnderhâld fan it skip. Nei in deksman is de lichtmatroas de leechste yn 'e hierargy fan 'e bemanning fan in skip. In lichmatroas folget lykwols in oplieding en mei sadwaande ferwachtsje meitiid heger op te klimmen, wylst in deksman gjin oplieding hat of folget. In folmatroas is in matroas dy't syn oplieding ôfrûne hat en (tsjintwurdich) beskikt oer in diploma. Dat betsjut dat er splisse en knope en mei seilen en roeirimen omgean kin. Teffens kin er oan it roer stean en it skip ûnderhâlde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.