Max Riemelt
Max Riemelt (Berlyn, 7 jannewaris 1984) is in Dútsk akteur. Hy hat benammen namme makke mei in rol yn de films Die Welle, Napola (Elite für den Führer) en Freier Fall, mar is dêrnjonken yn in grut tal oare produksjes te sjen. Ek spile Riemelt mei yn de Netflix-searje Sense8.
Libben
bewurkje seksjeRiemelt waard yn Berlyn-Mitte grutbrocht en wennet dêr noch jimmeroan. Hy hat syn talint net op in toanielskoalle oanleard en die al doe't er alve wie mei oan in teatergroep fan syn skoalle. Ek wurke der yn in berneteater fan in famyljelid.
Riemelt wie foar it earst op de tillefyzje te sjen yn 1997 mei in byrol yn de twadelige útstjoering Eine Familie zum Küssen. Hy krige mear bekendheid yn 1998 troch syn haadrol yn de foar de ZDF produsearre minisearje Zwei Allein. Dêrnei folge in grut tal tillefyzje- en bioskoopprodyuksjes. Om him tenei allinnich noch oan it aktearjen ta te lizzen makke er yn 2007 syn oplieding net mear ôf en wegere er tsjinst yn de Bundeswehr. Fierder as de middelbere skoalle is er net kommen.
Ynternasjonale erkenning krige Riemelt mei syn haadrol yn it drama Napola – Elite für den Führer. Foar syn bydrage krige er de ûnderskieding fan bêste akteur op it Ynternasjonale Filmfestival yn it Tsjechyske Karlovy Vary. Op de Berlinale 2005 waard Riemelt troch de European Film Promotion as de Dútske Shooting Star fan de Europeeske films keazen.
Dennis Gansel's remake fan Die Welle mei Max Riemelt yn in haadrol waard yn 2008 de op ien nei meast súksesfolle Dútske film fan it jier. Ek spile Riemelt yn produksjes lykas Wir sind die Nacht (2010), Die vierte Macht (2012) en Freier Fall (2013). Sûnt 2015 hat Riemelt in haadrol yn de Netflix-searje Sense8.
Filmografy
bewurkje seksje- 1997: Praxis Bülowbogen
- 1997: Eine Familie zum Küssen
- 1998: Zwei allein
- 1999: Wenn alle Herzen schmelzen
- 1999: Der Bär ist los
- 2000: Brennendes Schweigen
- 2000: Mädchen, Mädchen
- 2001: Mein Vater und andere Betrüger
- 2002: Alarm für Cobra 11
- 2002: Balko (ôfl. Giftzwerge)
- 2002: Lottoschein ins Glück
- 2002: Sextasy
- 2002: Wolffs Revier (ôfl. Au Pair)
- 2003: In aller Freundschaft
- 2003: Die Sonne anschreien
- 2003: Mädchen, Mädchen 2 – Loft oder Liebe
- 2003: Appassionata
- 2003: Napola – Elite für den Führer
- 2004: Neuland (Koarte film)
- 2004: Todfeinde (Koarte film)
- 2004: Der Rote Kakadu
- 2005: Das Alphateam (ôfl. Respekt)
- 2005: Hallesche Kometen
- 2005: Nachtasyl
- 2005: Der Untergang der Pamir
- 2006: Grundgesetz §19 - Stehplatz
- 2006: An die Grenze
- 2006: Mörderischer Frieden
- 2006: Der Kriminalist
- 2007: Ironman
- 2007: Up! Up! To the sky
- 2007: Tausend Ozeane
- 2008: Die Welle
- 2010: We Are The Night
- 2011: Tage, die bleiben
- 2011: Urban Explorer
- 2011: Playoff
- 2012: The Fourth State
- 2012: Heiter bis Wolkig
- 2012: The German Friend
- 2013: Freier Fall
- 2013: Blutgeld
- 2014: Der zweite Mann
- 2014: Elly Beinhorn – Alleinflug
- 2015: Freistatt
- 2015: Sense8
- 2017: Berlin Syndrome
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Max Riemelt fan Wikimedia Commons. |