Mazoovje

(Trochferwiisd fan Mazovië)

Mazoovje (Poalsk: Mazowsze) is in gebiet yn sintraal-Poalen, mei Warsjau as Haadstêd. De Poalske regearing makke fan Mazoovje yn 1999 offisjeel ien fan de sechtsjin woiwodskippen fan it lân, en tagelyk de grutste mei mear as 5 miljoen ynwenners.

Lizzing fan Mazoovje yn Poalen

It gebiet dat tsjintwurdich Mazoovje hiet waard eartiids nei alle gedachten foar it earst ferovere troch hartoch Mieszko I yn de 10e iuw. Nei syn dea yn 1033 folge in machtsfakuüm, oant de Tsjechyske ynvaazje, doe't it gebiet selsstannich waard.

Casimir I weroverde it yn 1039 mei help fan Russyske troepen, mar nei de dea fan hearsker Bolesław III yn 1138 foel it lân útinoar yn hartochdommen. Mazoovje kaam ûnder it bewâld fan de hartoggenfan de Piastendynasty, dy't nettsjinsteande besikingen fan Poalen it gebiet werom te oermasterjen, it gebiet yn hannen hâlden oant 1526. Nei de Poalske opdieling fan 1815 gong Mazoovje diel útmeitsje fan Poalen en sûnt 1831 fan it Russyske Ryk. Yn 1918 waard it wer by Poalen foege.

De woiwodskip mei deselde namme beslacht om-ende-by itselde gebiet, en waard oprjochte yn 1999 na gearfoeging fan de eardere woiwodskippen Warsjau, Plock, Ciechanów, Ostroleka, Siedlce en Radom.

  Provinsjes fan Poalen  
Neder-Sileezje - Koejaavje-Pommeren - Lublin - Lubusz - Łódź - Lyts-Poalen - Mazoovje - Opole - Subkarpaten - Podlachje - Pommeren - Sileezje - Święty Krzyż - Ermlân-Mazoerje - Grut-Poalen - West-Pommeren
  ·   ·