Tornedelstersk

(Trochferwiisd fan Meänkieli)

It Tornedelstersk (Tornedelstersk: meänkieli; letterlik: "ús taal") is in Finsk-Oegryske taal dy't yn de Tornedelling (Tornedalen) yn it uterste noarden fan Sweden sprutsen wurdt. Alhoewol't taalkundigen Meänkieli as in dialekt fan it Finsk beskôgje, is it sûnt 2000 in offisjele minderheidstaal yn Sweden. Yn it ferline waard de taal yn it Sweedsk tornedalfinska (Tornedellingfinsk) neamd.

Tornedelstersk
algemien
eigen namme meänkieli
lânseigen yn Sweden en Finlân
tal sprekkers 60.000 (1997-2009)
skrift Latynsk
taalbesibskip
taalfamylje Oeraalsk
  ● Eastseefinsk
    ● Finsk
      ● Meänkieli
erkenning as
minderheidstaal
Sweden
taalkoades
ISO 639-3 fit

Yn ferlyk mei it Standertfinsk is it Tornedelstersk dúdlik te ûnderskieden troch it ûntbrekken fan 19de- en 20ste-iuwske ûntwikkelings fan it Finsk. Meänkieli hat boppedat in protte lienwurden út it Sweedsk yn de deistige omgong.