Medina (Araabje)
Medina (Arabysk: al Madīnah al Munawwarah المدينة المنورة, 'de Ljochtsjende stêd') is in stêd yn Saûdy-Araabje, sa'n 320 km benoarden Mekka; it is de twads hillichste stêd fan de Islam. De Moskee fan de Profeet yn Medina is part fan de hadzj, de islamityske beafeart. Medina is ien fan de twa stêden dêr't Mohammed [1] de Koran fan Allah ûntfong. Mei de flecht fan Mohammed út Mekka yn 622 begjint de islamityske kalinder. Yn 632 stjert Mohammed yn Medina en soe beïerdige wêze yn de Moskee fan de Profeet dêre. De stêd is fanâlds sletten foar net-moslims.
Yn foar-islamityske tiden hjitte de stêd Yathrib.
Medina المدينة | ||
Moskee fan de Profeet | ||
Bestjoer | ||
Lân | Saûdy-Araabje | |
Provinsje | Hidjaz | |
Regio | Al Madinah | |
Boargemaster | Fahad Al-Belaihshi | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.180.770 (2010) | |
Oerflak | 589 km² | |
Befolkingsticht. | 2000 / km² | |
Hichte | 608 m | |
Oar | ||
Stifting | 6e iuw f.Kr. | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Offisjele webside | ||
Webstee |
Namme
bewurkje seksje'Medina' betsjut stêd yn it Arabysk. In protte Arabyske stêden hawwe hjoed de dei noch in, faak bemuorre, âld stedsdiel, dat de 'medina' neamd wurdt.
Underwiis
bewurkje seksjeMedina hat twa universiteiten: de yn 1961 stichte Islamityske Universiteit Medina en de Taibah-Universiteit, dy't yn 2003–2004 stichte waard.
Keppeling
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Medina (Araabje) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|